Wommels wint foar twadde kear op rige de Jong Famme partij!

Sneon 1 july ha Anna Brecht Bruinsma, Martzen Deinum en Sjanet Wijnia foar de twadde kear de Jong Fammepartij wûn! Dit ha se dien troch yn’e finale mei 5-1 en 6-0 fan it twatal fan Ljouwert te winnen.