Ek gebrûk meitsje fan Fraach & Oanbod? Stjoer in mailtsje nei ynfo@kfwommels.nl
 

 

De 55+ hie de leste wedstriid yn de seal

It sealkeatsen foar de 55+ gjit it hiele jier gewoan troch, yn de wintermoannen keatse se yn de Trije yn Frentsjer.
Foarriche wike hiene se de leste wedstriid yn de hal foardat se yn maaie wer it fjild op gean, by dizze wedstriid wie de kranse yn de A-klasse foar Anne Brouwer!

 

Robot maaiers…..

De KF hat twa robot maaiers oanskaft, de ofbakening is oanbrocht en de maaiers bin al yn aksje.
Klik op de foto om dizze hielendal yn byld te krijen.

Nijs fan de kantinekommisje

Ah goeiedag dames en heren,
En toen wie der alwer in jier foarby! 🙂 It keatsen giet wer hast los!
Dit betsjut dat de kantine wer bemand(vrouwd) wurde moat . Wy hoopje dat we hjirby wer op jim rekkenje kinne. As kommisje sille wy ek in oprop dwaan foar meer kantinefrijwilligers. Hoe meer frijwilligers, des te minder tsjinsten foar in ieder.
Wy wolle jim utnoegje foar woansdei 11 april, fanof 19.30 yn de keatskantine.

Leste wike Poiesz aksje!

Dit is de leste wike fan de jeugd sponsor aksje fan de Poiesz, ferjit ek net om noch efkes te stimmen foar us KF, hjir kin we noch ekstra munten mei fertsjinje.
Stim fia: https://www.poiesz-supermarkten.nl/toolkit/jsa-stemactie