Additional menu

Bouke Fopma Partij

    Op snein 6 septimber de 2e edysje fan de Bouke Fopma Partij. In frije formaasje partij bedoeld foar leden fan Keatsferiening Wommels en jimme keatsfreonen- en freondinnen. Ek dit jier is Bouke Fopma wer wedstrydlieder en gasthear.

    • Minimaal ien fan it partoer is lid fan Keatsferiening Wommels(partoeren meie bestean út 2 of 3 keatsers/keatsters).
    • Der is sawol in hearenpartij as in frouljuspartij. By beide wurd der keatst mei de gewoane keatsbal.
    • De hearenpartij sil ferdield wurde yn in A- en B-klasse.
    • Mingde partoeren(sawol hearen as froulju) keatse net yn de frouljuskategory.

    Wy begjinne om 11.00 oere en opjaan kin fia ús webside, klik by Aginda op de Bouke Fopma Partij.