Buertkeatsen

It jierlikse buertkeatsen is dit jier wûn troch de Freuleleane/Boppe/Middeline mei de keatsers Esther Hoitenga, Tsjipke Klaas Okkema en Jan Mulder. Sy wiene oer 2 jûnen dúdlik te sterksten. Mei 21 earsten foar en mar 6 earsten tsjin eindigen sy rom foar v. Sminialeane/’t Bosk mei Hester van der Meer, Rommert Politiek en Eeltje Postma(16 foar en 7 tsjin). De tredde priis gie nei Ytsje Hoekstra/Nynke Marije Faber, Jort Strikwerda en Klaas Bouke Faber(16 foar en 11 tsjin). Echte Bakker Posthuma soarge foar kreaze pakketsjes mei Fryske spesjaliteiten foar de priiswinners.