Ôfrûne tiisdeitejûn wie de earste pelotewedstriid  fan it seizoen yn Weidum tsjin it partoer fan Jellem/Bears. Der waard mei 8-10 wûn. Foar Wommels komme Judy Bergsma, Hester van der Meer, Esther Hoitinga, Kim Bos, Jetske Sieperda en Amarins Wiersma yn aksje. Wommels sit fjidder yn ‘e poule mei Easterwierrum, Weidum 2, Winsum 2 en Easterlittens. Oankommende tiisdei (13 maaie) stjit de thûswedstriid Wommels-Easterwierrum op it programma. It begjint om 19.00 op it keatslân fan Wommels.

Dat in goed foarbyld goed folgjen docht blykt dit wykein mar wer ris. Erik Haitsma hat ynspiraasje opdien neidat Anne Brouwer foarige wike de krânse pakte yn Harns by de 50+. Nei in twadde priis op de sneon gie Erik snein wol mei de priis nei hûs ta. Mei syn maten Dirk-Yde Sjaarda fan Easterein en Siebe Greidanus fan Wjelsryp pakte hy de krânsa by de twaddeklas partij yn Arum troch it partoer fan Ane-Jan Knol, Sjoerd Teake Kooistra en Leon Bekema yn’e finale te ferslaan.

Mei in net al te grutte opkomst fan 6 minsken, waard der moai keatst. Fuort de earste partij 5-5 6-6!

Dit jier wie it oars as oars, gjin Keninginnedei, gjin rommelmerk, mar in Keningsdei en wol op 26 april.

Om’t de bêrn it ôfrûne seizoen gjin ôfsluter hân hiene, waard der ek foar dizze kategory in iepeningswedstriid organisearre. Eltsenien dy’t lid is fan’e feriening koe keatse op dizze dei.