Foar de op woansdei 9 augustus 2017 te hâlden Freule-keatspartij, in ôfdielingswedstriid foar jonges, kinne tribune-, bank- en yntreekaarten besteld wurde fia de bank.
Wy fersykje jo it bedrach oer te meitsjen op bankrekken NL79 RABO 0372.0068.25 op namme fan: Kaartferkeap Freule-partij Wommels
Jou dúdlik it oantal kaarten troch en wêr’t jo sitte wolle. Graach postkoade en hûsnûmer fermelde yn de omskriuwing, sadat de kaarten nei it goede adres stjoerd wurde kinne. Nei it ynbarren fan it bedrach wurde jo de kaarten yn wike 31 tastjoerd.

De ferkeap by “Warenhuis van der Velde” start dit jier op 24 july.

Op sneon 5 augustus fynt om 20.00 it jierlikse lotsjen plak yn “It Reade Hynder”.

Foar 2017 jilde de folgjende prizen: (Bern ûnder de 12 binne fergees)

Lânkaart € 8,50
Lânkaart bern € 4,00 (12 o/m 16 jier)
Bankkaart € 8,00
A-tribune*(West) € 19,50
B-tribune*(Súd) € 18,50
C-tribune  (East) € 12,50
D-tribune(Noard) € 11,50

* kûpstuoltsjes

Prizen foar tribune- en bankkaarten binne eksklusyf lânkaart.