Griet Wielinga

Griet Wielinga-Hannema ferstoarn

Foar de measten wie Griet Wielinga-Hannema better bekend as ‘’tante Griet”. Jierrenlang fersoarge se mei Maaike Klijnsma de catering yn e kantine. In fêste kombinaasje yn ’e doe noch lytse kantine. In broadsje mei bakte aaien wie harren spesjaliteit. Har libbenspartner Frans soarge erfoar dat er genôch foarried iten/drinken yn e kantine wie. It bestjoer fan doetiids hoefde hast gjin omtinken te jaan oan de kantine. Nei de wedstriid mocht hja graach efkes neisitte mei in gleske reade bessenjenever. Sa no dan in skel lûd fan har kant wie dan gewoan yn it neipetear. Feste neisitters wisten dat, dat er bijhearde.

Nêst de kantine wie tante Griet jierrenlang waskfrou foar de KF Wommels. Eltse freed, sneon en snein yn e simmer wie it in heljen en werombringen fan ôfdielingsshirts oan e Geins.

Fan’t Geins wie it mar in hoannestap nei it keatsfjild. Derom waard er alderhande saken foar it keatsen ôflevere by Frans en Griet .

De jierlikse útsjes fan de KF Wommels wienen tige oan Tante Griet besteedt. In wykein Skylge, kasino yn it Reade hynder, iten mei trick-pin yn it Dielshus, in dei op it wetter, ensafuorthinne die hja oan mei. Se hâlde dan der net fan om thús te sitten.

Se hat genoaten fan it keatsen en it libben, oant it net mear koe.

Tante Griet bedanktFoto 30-01-16 21 50 02Foto H. Bootsma