In memoriam Anne Tamminga

De ein fan eltse reis is it paad werom.

Op syn deistige loopke fan it kafe op hûs oan is ús âld keatsfreon Anne stoarn

Anne hat yn it ferline tige yn’t spier west foar de keatsferiening Wommels. De ferhalen wiene der noch altyd.

As jonge mei  in ploech frywilligers in grút opberchhok ophelje  út de polder. Buorman  Jan Bonnema soarge foar it transsport  en ‘snachts let thús. Losse en noch efkres nei it kafe.

Oan’t dy tiid hie heit Harm, dy’t boade fan de KF wie, de linen en oare keatsattributen gewoan thús yn it hok.  As jongkje heit helpe om de perken te lizzen en letter els jier aktyf om as foarman de freule arena op te bouwen. Dêr  hearde dan ek it opsetten fan de eigen houten tribune by.  Anne wie yn dy tiid timmerman by Yme Gosliga.

Alderen ûnder ús sille him noch kinne as ledekeatser. Syn únike opslach (koarte oanrin, heal bûtsend en “enigszins staccato”) en at it spannend waard de linker bokse fan de koarte broek oprôljend. De kop der altyd goed by en gjin punten ferskitend troch sleauwichhyt.

Letter yn de tiid fan mear organisaasje en struktuur ,  heakke  Anne ôf,  mar noch altyd kaam er mei keatspartijen op’e neimiddei efkes te sjen op it keatslan.  Steand tsjin it muorke fan it gemeentehûs.   Ien fan syn útspraken wie: It waar is best genôch mar de minsken kinne better.

Grút respekt fertsjinnet Anne hoe at hy syn Mem fersoarge hat op har âlde dei en dernei syn broer Willem oan’t tiisdei ta.

Anne, bedankt en in goeie reis.