Jeu de pelote froulju winne oertsjûgend fan Easterwierum!

Op 30 maaie is de twadde kompetysje wedstriid jeu de pelote keatst yn Easterwierum. 

Dit ha de froulju út Wommels wûn mei in deeglike 0-9 en 4-6. Folgjende en lêste wedstriid yn dizze kompetysje is tsjin Weidum 2 en sil plak fine yn Wiuwert, tongersdei 8 juny om 18:00. Einigje de froulju op’e earste plak yn dizze kompetysje dan promovearje sy direkt nei de A-klasse. Einigje se op’e twadde plak dan kin de om it promovearjen keatst wurde op 13 juny.