Kompetysjekeatsen (2)

De twadde ronde fan it kompetysjekeatsen soarge foar skitterend keatswaar en mear dielnimmers as de wike derfoar. It partoer fan Rudy Dijkstra, Durk Klijnsma en Egbert Postma naam it op tsjin it partoer fan Johan Bos, Jort Strikwerda en Cornelis Bruinsma. Nei hast alle earsten op 6-6 ferkeatst te hawwen, luts it partoer fan Johan dochs oan it langste ein, it waard 5-5 6-2.

Johan Delfsma, Sybren Hoekstra en Menno Eringa mochten it opnimme tsjin Jelle Jan Sybrandy, Jeen Houtsma en Broer Greidanus. Ek by dizze partij wûn it partoer fan Johan, it waard 5-3 6-6.

De tuskenstân is te finen ûnder ynformaasje – – > kompetysjekeatsen. Takom wike is der gjin kompetysjekeatsen yn ferbân mei de Franke Osinga Partij.