Additional menu

Kompetysjekeatsen (3)

    Inkele nije gesichten by ús tredde ronde fan it kompetysjekeatsen foar de senioaren. Sa wie Jelle Wiersma, dy’t nei de winst by de Keningspartij in rêstperioade nommen hat, ek wer ris fan de partij. Syn ‘buorlju’ Folkert Wijnia en Pieter Vellinga wiene der ek en Menno Eringa hie dit kear gjin sin om allinne te fytsen en hy naam dan ek Jurjen Eringa en Wesley van de Wint mei nei Wommels.

    Klik op ‘lês mear’ foar it folsleine ferslach.

    Pieter en Jurjen mochten it opnimme tsjin Menno en Jelle. Pieter hie de deis derfoar noch fuotbolle mei de alder-bern-partij fan de C1 van SDS en wie dan ek tige bliid dat Jurjen wol foar bêst opslaan woe. Mei hege ballen tsjin de kwea en bytiden in slap baltsje tuskenyn besochten sy it Menno en Jelle lestich te meitsjen. Dit slagge net want it perkspul fan Menno en Jelle wie poerbêst. It waard úteinlik 5-3 6-4 foar Menno en Jelle.

    Dy oare partij gie tusken Folkert Wijnia, Bouke Fopma en Egbert Postma tsjin Jort Strikwerda, Cornelis Bruinsma en Wesley van de Wint. Bouke en Cornelis sloegen foarbêst op en sy hiene de goeie rjochting net te pakken. Hjirtroch bliuwde it wol spannend en it waard dan ek 5-5 en 6-6. Bouke oan de opslach en jawis, in geweldige sitbal. Sa wie hy dochs noch de man fan de wedstryd, en dan moat syn hichtepunt noch komme (6 septimber).

    De tuskenstân is te finen ûnder ynformaasje – – > kompetysjekeatsen. Tongersdei om 19.30 de folgjende kompetysjerûne.

    X