Additional menu

Kompetysjekeatsen (4)

    Tot ôfrûne tongersdei ha wy noch gjin inkele frou op it kompetysjekeatsen ferwolkomje mochten, mar Djoeke Eringa liet sjen dat sy net benaud is foar de Wommelser mannen. Wy hoopje wol dat sy de folgjende kear tegearre mei oare froulju keatse kin. Dan kin der sawol in mannen as froulju klassemint byholden wurde.

    Klik op ‘lês mear’ foar it folsleine ferslach.

    Djoeke keatste mei broer Jurjen en Egbert Postma tsjin Pieter Vellinga, Jelle Wiersma en Bauke Terpstra. ‘Team Walperterbanen’ sa sei Pieter Vellinga, ‘kinne wy moai efkes oefenje foar it buertkeatsen’. No docht blyken dat Team Walperterbanen it jierprogramma net sa goed bestudeart hat, want it buertkeatsen is dit jier ferfallen en wy sille no ein juny teatse. Ek op it fjild sloegen sy net foar bêst op, it partoer fan Djoeke wûn mei 5-2 en 6-2. Jelle Wiersma hie de folgjende koarte gearfetting; ‘Wy wurde te âld’.

    Dy oare partij gie tusken Bouke Fopma en Jelle Jan Sybrandy tsjin Johan Bos en Jort Strikwerda. It partoer fan Johan keatste deeglik en wûn mei 5-3 en 6-4. Sa bestevige Jort syn kopposysje en is der op dit stuit in spannende striid om it twadde plakje. Al is der fansels mei noch 5 kear te keatsen neat wis.

    De tuskenstân is te finen ûnder ynformaasje – – > kompetysjekeatsen. Tongersdei om 19.30 de folgjende kompetysjerûne.

    X