Additional menu

NK pupillen famkes

    Op sneon 27 juny waard yn Wommels it NK pupillen famkes hâlden. Dit wie een prachtige dei mei ideale foarsjenningen om der een mooie keatsdei fan te meitsjen. It waar wie prachtig, der wienen genôch karmasters en de bern hieden der nocht ien.

    Klik op ‘lês mear’ foar it folsleine ferslach.

    Der waard goed keatst, it ferskil yn nivo wie yn de eerste omloop krekt wat te grut by guon wedstriiden. Dit resulteare ien in rappe earste omloop, mar it wie nog altiten aardich om nei te sjin.

    Yn de twadde omloop wie dochs wol de moaiste partij fan’e dei te besjen. Dit wie de partij tusken Makkum en Berltsum. It partoer fan Berltsum besteant út: Esther de Vries, Nienke Zijlstra, Siebrigje Wierma. Dit partoer keatste de hiele dei deeglik en dit resulteare ek yn in 5-2 foarsprong. Mar Makkum dat ûnder lieding fan Larrisa Smink werom kaam nei 5-5 wie prachtig om te sjen. Úteinlik luts berltsum oan it langste ein en wûn de partij mei 5-5/6-2.

    Yn de heale finale kaam Berltsum it partoer fan Boalsert tsjin. Boalsert dy’t keatste mei: Rixt Blanke, Famke Zijlstra, Jessie Rekker. Yn dizze heale finale kaam it partoer fan Boalsert wat krêft en gelok te koart. Berltsum wûn de partij mei 5-3/6-6. De oare heale finale gie tusken Jirnsum en Reahus-Turns. Dit waard een wiere striid tusken twa partoeren die deeglik keatsten en net folle flaters makken. Hjir kaam dan ek alles oan’e hang, 5-5/6-6. Reahus-Turns pakte mei wat gelok de winst en sa ek een plakje yn’e finale.

    Yn it begijn fan’e finale like it wat dien mei Berltsum, de famkes kamen samar in spul efter. Maar de famkes lieten sich net kinne en kamen werom en gienen der sels oerhinne. Dat resulteare yn de winst foar Berltsum, der waard wûn mei 5-4/6-0.

    Wy fan KF Wommels wolle de famkes fan Berltsum nochris lokwinskje mei dizze winst op it NK. Fjirder tanke wy alle frijwilligers dy’t dizze dei wer tot een grut sukses makke ha.

    It bestjoer.

    X