Ek gebrûk meitsje fan Fraach & Oanbod? Stjoer in mailtsje nei ynfo@kfwommels.nl

De opjefte foar de Keningspartij is iepen!!! (sluting is 26 april om 19.45 oere)

 

Pieter Sytsma, Sjanet Wynia, Martzen Deinum, Hester Bruinsma en Habtamu de Hoop leden fan de kf wommels bin utnodige  foar de 32ste takomstpartij yn Easterbierum op 2 july.

Ôfrûne woansdeitejûn stie de twadde ronde yn dizze kompetysje op it programma. Nei in maklik earste ronde, Bolsert melde har ôf, wie no Grins de tsjinstanner. Beide partoeren lieten by de haadklasse ôfdielingswestriid snein yn Wommels knap keatsen sjen.

Wommels, mei Anna-Brecht Bruinsma, Sjanet Wijnia en Anke Marije Pompstra wiene mei 5-4 en 6-6 te sterk foar Grins mei Sanne Velsma, Marije van der Meer en Aukje van Kuiken. De dames litte sjen dat sy yn in goeie foarm ferkeare.

Op nei de tredde ronde, tsjinstanner en lokaasje binne noch net bekend.

Moarn stjit dizze KNKB wedstriid op it programma. Op ‘e list stean 10 partoer en it belooft in spannende keatsdei te wurden, sjoen de sterkte fan de partoeren. De list kinnen jim fia ûndersteande link besjen.

http://www.knkb.nl/pageid=7/wdstid=9914/wedstrijd.html

De winners fan de dei krije noch in ekstra priiske, in tagongskaart mei tribunekaart foar de oankommende Freuleparty. Yn tsjinstelling tot ûs jierprogramma begjint de wedstriid net om 10.00 mar om 11.00 en de karmasters wurde om uterlik 10.45 ferwachte.

Mei 17 partoer op’e list en in skitterend moai waar, wie der op himelfeartsdei 29 maaie it famyljekeatsen. Der waard keatst mei in winners- en ferliezersronde. Yn sawol de winners- as de ferliezersronde waarden der spannende finales spiele. By de winners wûn famylje Klynsma mei 5-5 6-4 fan famylje Strikwerda, en by de ferliezers wûn famylje Dooper mei 5-5 6-2 fan famylje Fopma.