Ek gebrûk meitsje fan Fraach & Oanbod? Stjoer in mailtsje nei ynfo@kfwommels.nl
 

 

Tiisdei 20 en Woansdei 21 Maaie wie de TMB de Jong partij, in partij foar de jongerein! Yn totaal wiene der 50 bern oan it keatsen!

Ôfrûne snein is it jierlikse pearkekeatsen wer ferkeatst. De party dy ’t relaasjes foarmet, op ‘e proef stelt en wa wit wat noch mear. De temperatuer wie noflik, it sintje wie der meastentiids by en de opjefte wie goed. Dit soarge der ek foar dat der yn in A- en in B-klasse keatst wurde koe. Yn ‘e A-klasse 2 pultsjes fan 3 partoer, en yn ‘e B-klasse in gewoane list mei 14 partoer.

De famkes fan Wommels wiene juster yn Burchwert op ‘e nij de sterkste by de ôfdielingswedstriid yn harren kategory.