Additional menu

Rabo Grote Clubactie

  • grote-club
K.F. Wommels docht mei oan de Grote Clubactie en de Rabo ClubSupport. Wat betsjut dit precies?
Grote Clubactie
Fan de Grote Clubactie he jo misskien al wat fernommen fia freonen, familie, in groepsapp of de jeugdleden binne by jo oan de doar west. Jo kinne de keatsferiening stypje mei it keapjen fan lotten. 1 lot kost € 3,- werfan € 2,40 nei de feriening ta giet. Jo stypje ús der mei, maar jo meitsje self ek kans op moaie priizen; https://www.clubactie.nl/lotenkopers/prijzen-uitslag
Derneist doche wy mei oan de Rabo ClubSupport, lytse moeite, moai gebaar.
Bankiere jo by de Rabobank, dan kinne jo fia de app of op de webside jo stem utbringe op jo favorite feriening en dat binne wy fansels!
Stimmen kinne jo dwaan troch de folgjende stappen út te fieren:
Ynloggen yn de app of webside en fia ‘Zelf regelen’ en dêrnei ‘Mijn Lidmaatshap’ kinne jo klikken op Rabo Clubsupport.
Druk op ‘Selecteer je favoriete clubs’ om dernei nei de dielnimmende ferieningen te gean.
Kies op syn minst trije en op syn heechst fijf clubs en druk dan op ‘Stap 2’.
Ferdiel fijf stimmen oer de troch jo keazen clubs.
Druk dêrnei op ‘Stemmen indienen’ om jo stim út te bringen.
De keatsferiening kin nei it ôfrûne seizoen dizze ekstra opbringsten goed brûke en wy hoopje der kommend jier wer in moai seizoen fan te meitsjen.
Tink derom, de slúting is op 25 oktober, dus wes der optiid bei!!!
Alfest betanke.
Al it goeds.
Bestjoer K.F. Wommels
X