Sealkeatsen 27 desimber

Ôfrûne sneon wie wer ús jierlikse sealkeatswedstriid yn de sporthal fan Easterein. Mei 12 keatsers op ‘e list, net minder mar seker ek net mear os foarig jier, waard der 3 kear in list ferkeatst. De measte keatsers moasten noch ol efkes bykomme fan de krystdagen, want 3 minuten foar tiid wiene der mar 2 keatsers oanwêzich.

Dochs om 13.15 los, 3 perkjes fol, en neidat olle frustraasjes oer it te lege dak foarby wiene waard der dochs knap keatst. Guon keatsend mei de kop, oaren foarol ferbaal en in inkele makke sels de hurde ûndergrûn neat út en gie ol dûkend en sweevjend troch de seal.

Nei it optellen fan olle foar- en tsjinearsten wiene de prizen in prooi foar de folgjende keatsers;

4e priis: Menno Eringa ( 18 earsten foar, 10 earsten tsjin )
3e priis: Broer J. Greidanus ( 19 earsten foar, 12 earsten tsjin)
2e priis: Jan Mulder ( 21 earsten foar, 11 earsten tsjin )
1e priis: Durk Klijnsma ( 21 earsten foar, 6 earsten tsjin )

Durk Klijnsma wint lykas yn 2013 de sealkeatswedstriid en opfallend is dat hy dat mei de selde foar- en tsjinearsten docht. Olle priiswinners fan herte lokwinske.