Tige slagge huldiging foar Anna-Brecht, Martzen en Sjanet

Freed 21 oktober sette de KF Wommels de winnaressen fan de Jong Famme Partij 2016, it pertoer fan Anna-Brecht Bruinsma, Marzten Deinum en Sjanet Wijnia mei de koach Wichard Deinum noch efkes yn it sintsje foar dizze knappe prestaasje. De froulju kamen mei famylje en freonen yn in feestlik fersierde kantine. Under it genot fan in bakje kofje mei oranjekoeke koe eltsenien earst efkes bijprate oer it ôfrûne keatsskoft. Dêrnei wiene der in oantal minsken dy’t de winnaressen graach tasprekke woene.

Janneke van der Wal fan de KF Wommels felisiteerde de froulju nochris en as kado mei it pertoer mei koach lekker mei syn fjouweren út iten yn Easterlittens. Thomas Frijling, koach fan de twadde priiswinners fan de Jong Famme Partij, it pertoer fan Dronryp en ek ien fan de favorieten makke de froulju syn ekskuses foar syn optreden op de boppeline bij in wichtige slach. Gelokkich wiene de Wommelser froulju dit allegearre alwer ferjitten. Foarsitter Jan Willem van Beem fan de keatsferiening Sjirk de Wal fan Dronryp makke de froulju komplimenten foar hun koelbloedig keatsen op sneon 2 juli 2016. Undanks in grutte efterstân yn de finale tsjin Dronryp holden de Wommelser froulju hun holle koel, hellen de efterstân yn en wûnen úteins de partij. As kado hie de Rypster feriening prachtige earbellen makke troch Nynke Edelsmid. De vice-foarsitter fan Mantgum, Jan Watze Wiersma oerlange de froulju û.o. in prachtige CD mei foto opnames fan de hiele dei, in mooi oantinken. En dat de pakkesizzer fan it earelid fan Jacob Klaver Mantgum dizze dei wûn makke it ek foar Mantgum ta in bysûnder barren.

Johan de Jong, fan de shirtsponsor Tweewielers De Jong spruts ek syn grutskens út foar it winnen fan dizze moaie partij. Hoewol hij it keatsen graach oerlit oan de froulju, hij kin better fietse sei hij, wie hij fansels dochs grutsk dat de froulju yn syn shirt stiene te skitterjen. Last but not least wie it lêste wurd foar de koach Wichard Deinum. Hij naam de prachtige dei fan sneon 2 juli nochris troch en oan alles koene je merke dat der tige grutsk wie op de prestaasje fan “syn” froulju.  Ek Anna-Brecht, Martzen en Sjanet bedankten mei mooie wurden Wichard, syn gedrevenheid is sûnder mis fan positieve ynfloed west op de prestaasjes fan de froulju. Nei it útwisseljen fan kado’s waard der ûnder it genot fan in hapke en in drankje noch lang neipraat en de ferhalen hieltiten sterker.

Al mei al in tige slagge jûn, prachtig dat jimme der allegearre wiene en de KF Wommels bij dizze bedankt foar de geweldige organisaasje!

In boppeslach!

Liesbeth van der Ende