Additional menu

Tongersdeitejûn 19.30 lêste kompetysjejûn

    Fannejûn om 19.30 oere sille wy foar it lêst dit seizoen kompetysjekeatse(senioaren). De tuskenstân is ynmiddels fan ús side ôfhelle, mar spannend is it seker al. Der binne inkele kânshawwers foar it twadde plakje, wy nimme gjin nammen, mar it soe samar kinne dat in nij lid fan ‘e feriening op it twadde plakje einiget. As soe der noch in Kubaarder knyn út de hege hoed komme? Wy sille it fannejûn sjen! De einstân wurd oan it ein fan it seizoen bekend makke.

    X