Trije grutte doazen skiednis

Mei it ôfskie fan Anne Tamminga yn it kafee kaam û.o nei foaren dat hy in protte út syn keatstiid bewarre hie. Boeken, listen en kranteknipsels en dat soarte spul. De KF hat dêrnei oan de famylje witte litten der wol belang by te hawwen at der nimmen oars foar wie.

Snein stie Riemer, de jongste broer, by my (Pier) foar de doar mei 3 grútte swiere doazen. Us argyf kommisje besteande út, Hepke Hiemstra, Arend de Schiffart en Murk Viersma sille harren der trochhinne wrotte. Jimme hearre der mear fan.

Anne bedankt.

 

(Foto makke troch Henk Bootsma)