Additional menu

Utslach Famyljekeatsen

    Jim ha noch wat fan ús tegoede, de útslach fan it famyljekeatsen op 5 july. Wyls al in wike lyn, mar de list mei útslaggen is no pas droech, wat in rein…. De famyljes lieten har net kinne, sa no en dan wol efkes skûlje foar de buien, mar de wedstryd is ferkeatst. De finale gie tusken de famylje Dooper, eartiids Wommels mar no Wytmarsum, en de famylje Eringa. Remco, Jaring en Frans hiene oer de hiele dei sjoen it bêste fan it spul en wûn mei 5-3 6-4 fan Menno en Jurjen. De tredde priis gie nei famylje Klijnsma mei Tecla, Durk en Reitse. Sy wûnen yn’e lytse finale mei 5-1 6-6 fan famylje Strikwerda(Grietje, Jildou en Jort).

    X