Útslach peloten 12 maaie

De pelotedames fan Wommels bin ferline jier promoveare nei de A-poule. Ôfrûne tiisdei wie de earste wedstryd tsjin Mantgum. In spannende striid wêr’t de measte earsten op 6-6 ferkeatst waarden. Wommels koe it krekt net rêde, it waard 9-7 foar Mantgum. De twadde wedstryd is net tiisdei, mar woansdei 20 maaie om 19.00 oere yn en tsjin Weidum.