Additional menu

Útslaggen Franke Osinga Partij

    14 maaie wie ús jierlikse Franke Osinga Partij, mei in froulju en manlju klasse. By de froulju gie de earste priis nei Djoeke Eringa(K) en Ytsje Hoekstra en de twadde priis nei Jeannet Bos en Aaltje Postma. By de manlju wie de earste priis foar Jort Strikwerda(K) en Menno Eringa en de twadde priis foar Pieter Sieperda en Sybren Hoekstra.

    Klik op ‘lês mear’ foar it folsleine ferslach.

    By de froulju kosse it wat muoite om de list fol te kryen, mar mei tank oan Daphne Terpstra hiene wy dochs in pultsje mei fjouwer partoer. Daphne eindige mei Marije de Vries úteinlik as fjirde, efter Tina Greidanus en Petra Hofstee. Mei 15 earsten foar en 14 tsjin gie de twadde priis nei Jeannet en Aaltje, mar de dúdlike winners wiene Djoeke en Ytsje mei 21 earsten foar en mar 6 tsjin. Djoeke waard Keninginne fan de dei en sy is dan ek in jier lang hâldster fan de wikselbeker.

    By de manlju in list mei 14 partoer, sawol in winners- as in ferliezersronde. Yn de earste omloop wie allinnich de partij tusken Bouke Fopma mei Rudy Dijkstra tsjin Eeltje Postma en Jeen Houtsma in spannende wedstriid. Eeltje en Jeen kamen foar mar koene it net ôfmeitsje en mochten it yn de ferliezersronde besykje, it waard 5-5 6-2. Hjir diene sy it hielendal net ûnaardich en sy hellen dan ek de finale, wêr’t sy it op moasten nimme tsjin Johan Delfsma en Jelle Jan Sybrandy. Eeltje en Jeen wiene útkeatst en de winst gie nei Johan en Jelle Jan, it waard 5-2 4-6.

    De finale yn de winnersronde gie tusken Jort Strikwerda mei Menno Eringa tsjin Pieter Sieperda en Sybren Hoekstra. Lêstneamde wie eiliks foar de finale al utpoept, mar waard troch Pieter op sleeptou naam en Jort en Menno krigen it net kado. Pieter en Sybren kamen nei in 5-2 efterstân werom ta 5 earsten gelyk. Jort sloech 2 sitballen en mei 2 keatsen moast der ruile wurde. De earste keats wie in proai foar Jort en Menno, 5-5 6-0. Op dizze stân betocht Pieter ynienen dat  de lange trainingsbroek dochs mar út moast, basearre op taktyske redenen tinke wy, mar mei in sitbal fan Pieter gie de twadde keats wol nei Pieter en Sybren, 5-5 6-2. In keats fan Menno soarge derfoar dat der wer ruile wurde moast. Dizze keats wie Pieter en Sybren te machtich en op 5-5 6-2 wienen de krânsen foar Jort en Menno.  Jort waard kening fan de dei en ek hy mei in jier lang hâlder wêze fan de wikselbeker.

    In moaie keatsdei en wy wolle dan ek keatsers, publyk, frijwilligers en keningskommisje betankje foar harren ynset.

    It bestjoer

    X