Additional menu

Utslaggen KNKB wedstriden 2 en 3 juny

  • JacobKlaas 1e klas
  • Sjanet Berltsum
  • Rixt yn Hantum
  • pupillen

Ofroune wykein waard der natuurlik wer folop keatst by de KNKB. Wommels foel wer yn de prizen, hjir in oersicht fan de prizen die ik sa fine koe. In 3e priis foar Habtamu by de manlju 1e klas en foar Milan by de pupillen, der wie in 2e priis yn de ferliezersronde foar Sietse by de welpen. De klappers wiene der foar Jacob-Klaas by de manlju 1e klas, Sjanet by de froulju haadklasse en Rixt by de famkes A, sy kamen alle trije mei de kranse thus. Neffens my wie dit foaral foar Jacob Klaas in grutte opstekker, want sa as hysels op de “kweapraat-app” sette: Eerste omloop gewonnen, mijn eerste omloop winst van dit jaar.
Allegearre wer fan Herte!!!