Additional menu

Wommels wint foar twadde kear op rige de Jong Famme partij!

  • IMG-20170702-WA0006
  • IMG-20170702-WA0001
  • IMG-20170701-WA0017
  • IMG-20170701-WA0016
  • IMG-20170701-WA0003
  • resize
  • IMG-20170701-WA0010

Sneon 1 july ha Anna Brecht Bruinsma, Martzen Deinum en Sjanet Wijnia foar de twadde kear de Jong Fammepartij wûn! Dit ha se dien troch yn’e finale mei 5-1 en 6-0 fan it twatal fan Ljouwert te winnen. Yn’e earste omloop troffen se Makkum (3-5 6-0) en dernei Grou. Dit wie in tige spannende wedstriid wêr’t Wommels steeds twa earsten achterstûn (3-1, 4-2 en 5-3). Dernei pakten se it wer op en waard it 5-5 6-6, Grou sloech doe op in keats kwea. Yn de 3e omloop moasten se tsjin Mantgum (5-1 6-6) wernei se mei in steand nûmmer yn’e finale te lâne kamen.

Foar Wommels die noch in partoer mei: Nynke Beckers, Hester Bruinsma en Rixt Wijnia, sy kamen net fjierder dan de earste omloop wêr se mei 5-4 en 6-2 fan Berltsum ferlennen.

X