Wommelser jeu de pelote froulju winne earste kompetysje wedstriid fan Winsum

Yn in spannende wedstriid ha de jeu de pelote froulju har earste kompetisje wedstriid fan Winsum wûn.

Dêr’t in protte earsten op 6-6 spile binne, wie it Wommels wa’t oan it langste ein luts en mei 10-8, 6-0 wûn. Folgjende wedstriden binne op tiisdei 30 maaie tsjin Easterwierum en tongersdei 8 juny tsjin Weidum 2. Dizze wedstriden sille plak fine yn resp. Easterwierum en Wiuwert.