Wommelser sukses Boazumer Mjitte Partij

Sneon 23 maaie stie de Boazumer Mjitte Partij op it programma, in federaasje frije formaasje wedstryd foar senioaren sponsore troch it pleatslike kafee. Op de list inkele Wommelser leden, wêrûnder Hester van der Meer yn de C-klasse en Menno Eringa, Jurjen Eringa, Klaas Bouke Faber en Jort Strikwerda yn de B-klasse.

Klik op ‘les mear’ foar it folsleine ferslach.

In A-klasse mei 5 partoer, in B-klasse mei 5 partoer en in C-klasse mei 5 partoer. Poulesysteem en dus fjouwer kear keatse tochten wy sa, mar yn Boazum ha sy in oar systeem; 2 kear keatse, in kear ‘stean bluiwe’ en dan in finale tusken de twa bêste partoeren. Jurjen, KB en Jort wûnen twa kear en wiene dus zeker fan in finaleplakje. Menno, mei Hendrik Eringa fan Spannum en Foppe Boonstra fan Boazum, wûn ek twa kear en sa mochten sy it opnimme tsjin it partoer fan Jurjen.

It partoer fan Jurjen kaam mei deeglik keatsen ta in 3-1 foarsprong, mar dernei wiene Menno en dy oermachtich. KB en Jort krigen gjin hâldfêst op Hendrik syn opslach en sy rûnen dan ek út ta 5-3 6-0. Jurjen en dy op’e dea en doe kryg Jurjen it op syn heupen. Mei fjouwer skitterende sitballen waard it earst rêden en mei goed opslachspul waard it ek samar wer 5 earsten gelyk. Hendrik Eringa sei foar it begjin fan’e finale noch; “Dit is sa’n 5-5 6-6 gelyk wedstryd”, en dat waard it ek. Hy mocht sels opslaan mar koe de spanning net oan, de bal gie bûten. Dizze skitterende finale hie in moaier einde fertsjinne mar ol mei ol ha wy der in sportive dei fan makke.

Op de foto it winnende partoer mei Klaas Bouke Faber, Jurjen Eringa en Jort Strikwerda. Mei Jurjen fansels yn’t midden. (Foto: Menno Eringa Fotografie)