Ek gebrûk meitsje fan Fraach & Oanbod? Stjoer in mailtsje nei ynfo@kfwommels.nl
 

 

It earste keatswykein fan 2018 sit der wer op. De prizen bin ferdielt en der gongen ek wer in pear mei werom nei \wommels ta. By de haadklasse froulju wie de krans foar Sjanet en har maten. (it sil ek net de leste weze foar dit toppartoer) Anna-Brecht behelle de tredde priis. By de froulju 1e klasse wie der in 2e priis foar Hester yn de ferliezersronde. By de jonges hie Wessel de tredde priis, by de famkes Rixt in twadde. Allegearre lokwinske!!! Mear priiswinners koe ik (noch) net fine, dus mocht ik immen fergetten weze, dan hjer ik dat graach.

Dit wykein gjit it keatsen echt begjinnen, stean der foar sneon noch mar twa wedstriden op it program, snein komme alle leeftiden yn alle klassen yn’e krite. De opjeftes bin allegearre slúten, dus wie ik efkes nijskjirrich wa’at de Wommelser kleuren oerol fertsjintwurrichje sille. Doe moast ik spitternoch efkes oan it sprekwurd tinke wer’t ik mei begong bin, want de graue gong mei oer de grize…..

We zijn weer begonnen. Na een winter stilte mochten de kaatsers van KF Wommels eindelijk weer de wei in. De 5e editie van de Keningpartij, met een deelnemersveld van maar liefs 92 kaatsers in diverse klassen, mag een groot succes worden genoemd. Er waren 3 jeugdklassen en 3 klassen bij de senioren.

Rom 90 keatsers en keatsters hawwe der in spektakel fan makke op de earste ledenpartij fan it jier. It waar siet net altiid mei, mar it wie in tige slagge dei, mei in lange en gesseliche neisit.
hjir alfest in oantal foto’s dy ik binnen krigen haw, spittich moatte de foto’s fan de winnende senioaren noch untfongen wurde, mar dan sil se ek tahekke wurde.
(Klik op in foto om dizze grutter te krijen en op de pylkjes derunder om se allegearre te besjen)