Ferslach fan it sealkeatsen sneon 28 desimber

Sneon 28 desimber wie wer de jierlikse sealkeatswedstryd yn sporthal De Greidhoeke. De opjefte foel wat tsjin, mar troch help fan Bouke Fopma en Pieter Porte stiene der 6 partoer op de list.

Der waard trije kear keatst mei in oare list, sadwaande giene oan it ein fan’e middei dejinge mei de measte earste foar en de minste earste tsjin mei de boadskiptassen nei hûs.

3e priis: Jurjen Eringa  ( 21 earsten foar, 12 tsjin )

2e priis: Pieter Sijtsma  ( 21 earsten foar, 10 tsjin )

1e priis: Durk Klijnsma  ( 21 earsten foar, 6 tsjin )

Mannen, fan herte!

Wy winskje elkenien in noflike jierwiksel ta en oant takom seizoen.

It bestjoer