Additional menu

De Freulepartij yn Wommels is de belangrykste keatspartij foar jongens oant 18 jier. De partij waard foar it earst keatst yn 1903.

Dielname oan dizze partij is foar jongenspartoeren fan ôfdielingen fan’e KNKB. Eltse ôfdieling meie mei maximaal ien partoer oan’e Freulepartij dielnimme.

Winners fan’e Freulepartij binne -ek al falle guon jongens noch net yn’e júste leeftiidskategorie- útslúten fan dielname.

Elts jier komme der sa’n 6000 besikers nei de Freulepartij.

Yn 2022 wurdt de Freulepartij keatst op 10 augustus, yn’e folgjende jieren wurdt de partij op de folgjende data keatst:

  • 2023 | 9 augustus

Yn 2017 hat Keatsferiening Wommels derfoar keazen om de organisaasje fan de Freulepartij ûnder te bringen yn in stichting. Mids jannewaris is it nije bestjoer foarme. De folgjende persoanen hawwe sitting naam yn it bestjoer:

– Tjeerd Dijkstra (foarsitter)

– Liesbeth van der Ende út Wommels (skriuwer)

– Anke Strikwerda út Itens (ponghâlder)

– Douwe Kooistra út Kûbaard (algemien lid)

– Rein Tiedema út Baard (algemien lid)

It stichtingsbestjoer is fan 2017 ôf ferantwurdlik foar de organisaasje fan de Freulepartij. Yn earste ynstânsje sille se nau gearwurkje mei KF Wommels om op woansdei 5 augustus de moaie keatsdei te organisearjen.

Mei de KF Wommels en frijwilligers sil de ploech fan it Stichtingsbestjoer der alles oan dwaan om “”De Freule”” tot in slagge partij te krijen!

Foar fragen kinne jim mailen nei: info@defreulepartij.nl 

 

X