It earste wykein KNKB keatsen sit der wer op, it wie moai waar en der wiene wer wat prizen foar us Toppers.
Sneon hie Jelte-Pieter de 2e by de manlju HK en kaam Sjanet mei de krans werom by de froulju HK, hjir wie de 2e priis foar Martzen.
Fierder noch in moaie 2e priis yn de herkansing by de famkes pupillen foar Rens Bos.
Allegearre lokwinske en dat dit wer it begjin weze mei fan noch in protte moaie prizen!

Fierder wie der ôfroune freed ek noch in jeugdpartij en derfan hawwe jimme de foto’s noch tegoede. Dus hjirbij de foto’s fan de priiswinners.

Allegearre wer Lokwinske!!!