Additional menu

Kommend wykein wer in drok wykein

  • Wheaganlogo2015

Op freed begjinne wy om healwei 5 mei de junioaren manlju en junioaren froulju, der sil dus yn twa fjilden keatst wurde, ik nim oan dat it bestjoer ek noch wol wat karmasters brûke kin, dus haw jim tiid kom lans en help us in hantsje! De Wheagan bekertsjepartij is ferhuze fan freed nei snein en begjint om 10 oere en we hawwe op snein ek in extra ledenpartij foar senioaren, hjir is de oanfangsttiid 11 oere. Foar dizze beide partijen stjit it opjefteformulier iepen yn de aginda, klik op de partij en dan op “mear” om it formulier te iepenjen. Fierder stjit der foar dizze dei ek de partij fan de OVW op it program, dus sawol op it keatsfjild en ek op it fuotbalfjild wurd it wer gesselich drok!