Ek gebrûk meitsje fan Fraach & Oanbod? Stjoer in mailtsje nei ynfo@kfwommels.nl
 

 

De KF siket in schmink(st)er(s) foar snein 29 april tidens de Keningspartij.
Wa wol frijwillich dizze dei de jeugd (en miskien ek wol de senioaren???) fraai beskilderje?
Belangstelling? Lit it efkes witte by Aaltje Postma. purryduck@hotmail.com

Alles wurd der oan dien om it fjild poerbest te krijen. Ek Leanbedriuw Okkema is drok besich, it fjild wurd rolle, faait en prikt, alles om it fjild op en top te krijen.

It sealkeatsen foar de 55+ gjit it hiele jier gewoan troch, yn de wintermoannen keatse se yn de Trije yn Frentsjer.
Foarriche wike hiene se de leste wedstriid yn de hal foardat se yn maaie wer it fjild op gean, by dizze wedstriid wie de kranse yn de A-klasse foar Anne Brouwer!