Pearkekeatsen ôfrûne snein ferkeatst

Ôfrûne snein is it jierlikse pearkekeatsen wer ferkeatst. De party dy ’t relaasjes foarmet, op ‘e proef stelt en wa wit wat noch mear. De temperatuer wie noflik, it sintje wie der meastentiids by en de opjefte wie goed. Dit soarge der ek foar dat der yn in A- en in B-klasse keatst wurde koe. Yn ‘e A-klasse 2 pultsjes fan 3 partoer, en yn ‘e B-klasse in gewoane list mei 14 partoer.

De finale yn ‘e A-klasse gie tusken it partoer fan Marije de Vries en Eeltje Postma tsjin it partoer fan Jildou Jorritsma en Jort Strikwerda. Sy wiene yn harren pul dudelyk de sterksten en mochten de priizen yn dizze finale ferdiele. Jildou en Jort wiene goed op dreef en wûnen úteinlijk mei 5-0 6-6.

De B-klasse hie sawol in winnaars- os in ferliezersronde. Nei in net ol te spannende earste omloop wiene de partoeren yn in winnaars- en ferliezersronde ferdield en waard der spannender keatst. De finale yn ‘e ferliezersronde waard ferkeatst tusken Tietje en Gerrit Postma tsjin Sieta Tessemaker en Peter Stuiver. Dit leste pearke gie der mei de winst fan troch, 5-3 en 6-2.

De finale yn ‘e winnaarsronde gie tusken Djoeke Eringa en Klaas Bouke Faber tsjin Tarina Veenje en Jan Mulder. Djoeke en Klaas Bouke wiene utkeatst, en koenen net mear tsjin de kracht op fan Tarina en Jan (3-5 4-6). Noch mar in pear wike lid fan ús feriening, en se meie gelyk mei in krânse under de earm nei hûs ta. Fan herte lokwinske.

Foar mear foto’s sjogge jo klikke jo hjir.