Additional menu

Wiete Franke Osinga dochs ferkeatst

  • ADSCF5634
  • DSCF5577
  • DSCF5561
  • DSCF5559

Ûndanks it minne waar is dochs besletten de Franke Osinga partij troch gean te litten. Der stiene 6 partoer op’e list en der waard keatst yn 2 poules. Elts partoer koe hjir troch yn elts gefal 2 kear keatse.

De winners fan beide poules keatsten de finale. It partoer fan Durk Klijnsma, Broer Greidanus en Jurjen Eringa wûnen mei 5-1 6-4 fan it partoer Pieter Sieperda, Gerrit Postma en Djoeke Eringa.

By de Franke Osinga partij heart ek in keningsbeker. Gerrit Postma dy’t de priis yn 2013 op namme kriig, gie der ek dit jier wer foar, mar koe it yn’e finale net winne. De keningskommisje hat beslúten dat de keningspriis dit jier nei Durk Klijnsma gean moast.

Hjir boppe fine jo in oantal impressiefoto’s, mar as jo op dizze link klikke fine jo alle foto’s dy’t makke binne troch de feriening.

X