Der wurd wer folop keatst elts wykein, mar ek troch de wike bin der Wommelsers op it fjild te finen, sa keatst de 55+ op de woansdei. Ôfroune woansdei wie der de 55+ PC yn Balk. Natuurlik wie fotograaf Henk Bootsma ek oanwessich en hat wer hiel moaie plaatsjes makke op syn webside binne se allegearre te besjen. Hjir de winners yn de trije klassen:
De krânsewinners út de 3 klassen, flnr,
Johan de Graaf B klasse,
Lieuwe Meijer C klasse
Ludwig Seerden A klasse