Additional menu

ALV 30 maart

    De algemiene Ledefergadering is dit jier op woansdei 30 maart om 19.30 oere yn de kantine.

    Aginda:

    1. Iepening
    2. Ynkommen stikken en meidielingen
    3. Ferslach gearkomste 28 oktober 2015
    4. Finansjeel ferslach 2015 en begrutting 2016
    5. Ferslach kaskommisje
    6. Jierferslach 2015
    7. Bestjoersferkiezing

    Oftredend en op ‘e nij te kiezen; Jort Strikwerda

    Oftredend Ytsje Hoekstra

    1. Praatstikken foar ALV KNKB
    2. Omfreegjen

    Om ± 20.30 oere

    Stân fan saken m.b.t. “Kommisje de takomst fan de Freule”

    Taljochting:

    De ‘Kommisje de takomst fan de Freule’ hat ûndersyk dien nei in bestjoerlike skieding fan de Keatsferiening Wommels en de organisaasje fan de Freulepartij. Dat soe binnen de KF in kommisje wêze kinne of in aparte Stichtingsfoarm.

    Op dizze fergadering sil de Kommisje, ûnder foarsittersskip fan Sake Saakstra, útlis jaan oan de leden. It rapport jout ek in advys oan it bestjoer fan de KF mei foar- en neidielen fan de konklúzjes. De leden kinne op dizze jûn fragen stelle of harren fragen binnen acht dagen mei de e-mail oan de Kommisje rjochtsje. Foar 1 maaie sil it bestjoer fan de KF in beslútfoarmjende fergadering byelkoar roppe. Op dizze twadde fergadering wurde alle mûnlinge en skriftlike fragen beändere. Hjirnei wurdt der stimt oer it advys.

    X