Additional menu

Anna-Brecht op ‘e nij yn ‘e krânse

  • IMG-20140616-WA0005

Sy wûn sneon yn Easterein tegearre mei Maaike Osinga en Margriet Bakker de earste priis by de Froulju 1e klas t.i.l. wedstriid. Yn ‘e finale wûnen sy relatyf maklik mei 5-2 6-4.

Yn ‘e yndividuele ranking stjit Anna-Brecht ynmiddels ol op it fiifde plakje. Mei har frije formaasje maten Jildou van Dijk en Jildou Sweering steane sy op in alfde plak by de ranking foar partoeren. Op dit stuit is dat krekt genoag foar in nominaasje foar de Froulju’s PC, mar troch oare ferplichtingen moat sy in protte wedstrieden misse de kommende tiid en sil har earste PC-optreden nog in jierke utsteld wurde moatte. Anke Marije Pompstra stjit der ol goed foar, en dus hoege wy der net oer yn te sitten dat der net in Wommelser op de Froulju’s PC stjit.

Anne Brouwer wie sneon op it smûke fjild fan L.K.C. Sonnenborgh yn Ljouwert en gie mei de krânse nei hus. Neffens Anne in terjochte oerwinning, en hy hat wol ’25 kear boppe slein’ dy dei.

X