Hjoed mocht Anna-Brecht Bruinsma yn it reinige Fryslân nei Broeksterwâlde ta foar in t.i.l. wedstriid dames 1e klas. Tegearre mei Martine Tiemersma en Anouk Tolsma wûn sy de earste priis. Yn ‘e finale waard mei 5-0 6-4 wûn fan Nynke Kooistra, Esther Wagenaar en Harmke Siegersma. Fan herte lokwinske!
Moarn stjit foar Anna-Brecht yn Menaam de frije formaasje dames 1e klas op it programma, ek Anke Marije Pompstra komt dan yn aksje.