De lêste ledenpartij fan it seizoen, dy op snein 7 septimber , sil ferkeatst wurde os frije formaasje-partij. Dizze partij hie de lêste jierren te kryen mei weromrinnende opjêfte. Nei in idee fan Bouke Fopma, hy fynt it tiid foar een frije formaasje-ledenpartij yn Wommels, wurd dizze wedstriid dus ferkeatst os frije formaasje-partij. Os blyk fan wurdearring foar syn ynspiraasje en meitinken, wurd syn namme dit jier oan dizze partij ferbûn.
De rigels binne…;
- – Minimaal ien fan it partoer is lid fan de Keatsferiening Wommels(partoeren meie bestean út 2 of 3 keatsers/keatsters).
- – Der is in sawol in hearenpartij os in frouljuspartij. By beide wurd der keatst mei de gewoane keatsbal.
- – Yn bysûndere gefallen beslist it bestjoer. In foarbyld fan in bysûnder gefal is in partoer mei haadklasse keatsers. Dit is net de yntinsje fan de partij.
De ynlis is € 3,- per persoan. It begjint om 12.00 (en dus net om 13.00 sa yn ús jierboekje stiet) op it keatslân fan Wommels. Wy hoopje op in soad opjêfte sadat wy it senioaren keatsseizoen in moaie ôfsluter jaan kinne.
OPJAAN: