Yn 2016 hat de Keatsferiening Wommels derfoar keazen, yn gearspraak mei in advyskommisje, om de organisaasje fan de bekende keatspartij De Freule ûnder te bringen yn in stichting. Dizze stichting hat sûnt dizze moanne in bestjoer fûn.
De folgjende persoanen sille sitting nimme yn it bestjoer: Gerrit Flisijn, René Politiek, Anke Strikwerda, Jantine Weidenaar en Johan van Tuinen as foarsitter.
It stichtingsbestjoer is fan 2017 ôf ferantwurdlik foar de organisaasje fan De Freule, en sil de kommende moannen yn oparbeidzjen mei alle frijwilligers harren bêst dwaan om op woansdei 9 augustus in moaie keatsdei te organisearjen.