Additional menu

De Freulepartij

  • Logo freulepartij

Woansdei 8 augustus is it wer safier, dan gjit it wer los, de Freulepartij. Alles fan de stichting kin jim fine troch op it griene buttontsje “freulepartij” hjir boppe te klikken.
Oan’t ik dit stikje skriuw, stean der 32 partoer op de list, mar de opjefte kin noch oan’t 4 augustus, dus sil der noch wol in pear bykomme. De grutte fraach is wol as der wol in partoer ut Easterein en Frentsjer op de list komme, beide partoeren hawwe neffens my dit jier noch net op in ofdielingslist fan de jonges stien. Mar de olympyske gedachte gjit toch faak wol op foar dizze partij, keatse foar tuzenden minsken hat ek wol wat. Wat mei fjierder opfoel is dat de priis Wommels einliks net mear untgean kin, sawol as skiedsrjochter as ek as dielnimmer foar Wommels stjit der J. Sieperda op de list……………. dus tsjinstanders meitsje jim de boarst mar wiet…………..

X