Juster de doarpenbattle Easterein – Wommels. In grutte ôffeardiging gie op de fyts nei Easterein, under begelieding fan Sybren mei de musykwein. 24 keatsters en keatsers kamen yn it striidperk, spittich koene we it mei syn allen net oprêde om de Eastereiners te ferslaan, it waard 116 tsjin 72 earsten yn it foardiel fan us buren. Takom jier mar wer oan ‘e bak…… De Wommelsers diene it op de KNKB-wedstriden dit wykein in stik better: 2e klasse manlju, in 3e priis foar Jelle en Sybren Beert. Froulju HK in 2e foar Sjanet. Froulju 1e klasse, in 1e foar Martzen en in 3e foar Anna-Brecht. Jonges ôfdieling in 4e priis foar Jelle, Luka en Wessel. Famkes A, in 1e foar Rixt. Famkes B, in 1e foar Elske en Marrit. By de welpen in 3e foar Sietse.
Allegearre wer lokwinske.