It keatsen begjint wer in bytsje “normaal” te wurden, ofroune snein wer it befaamde famyljekeatsen. Wer in hiele moaie list mei spannende partijen.
It bestjoer hie in A-list makke mei 4 toppartoeren en in B-list mei mar leafst 22 (ek) toppartoeren. Der waard yn in lekker sintsje wer fuleindich en o sa sportyf keatst.
It publyk mocht wer komme, it terras mocht wer iepen, de barminsken diene wer harren best en Siebren soarge wer foar lekkere broadsjes, dus it waard wer tige gessellich. Oan it ein fan de dei de winners fan de prizen, die beskikber stelt wiene troch café Bergsma.
Wer in goed fersoarche dei troch it bestjoer en de frijwillichers. Top allegearre.
Famyljekeatsen 2021
Mear nijs
Steun onze kaatsvereniging met Dappre
13 oktober 2026
Freule – weromblik
16 augustus 2026
Nachtkeatsen freed 21 augustus
16 augustus 2026
Vacature: bestuurslid KF Wommels
28 maaie 2026
Straatkaatsen – Wommels
27 maaie 2026











