Tongersdeitejûn is kompetysjejûn. Efkes in baltsje slaan, wat swetse yn de kantine en dat 10 jûnen yn de perioade 1 maaie en 16 july. Wy begûnen mei 8 keatsers, en einigen mei 14 keatsers. Tuskentroch wol ris minder moatte wy der eerlijk by sisse.
Gemiddeld 10,5 keatsers op it fjild, en somtiden wiene der ek keatsers dy’t heal keatsten. Lokkich stiet it plesier foarop en dat wie seker oanwêzich.
Klik op “Lês mear” foar it folsleine ferslach.
De froulju fjilden harren net sa betrokken by it kompetysjekeatsen, by dizze dan ek wer de oprop om it folgjend seizoen wer mei in groepke nei it keatslân te kommen. Die ienichste dy’t in oandoarde wie Djoeke Eringa, harstikke moai fansels.
Mei yn totaal 26 keatsers wie de striid om de priizen ta de lêste kompetysjejûn spannend. Mei fjouwer kanshawwers foar it twadde plakje wie der noch fan alles mooglik op de lêste jûn.
De priiswinners binne als folgest;
3e priis: Jurjen Eringa 35 foar, 34 tsjin
2e priis: Jelle Jan Sybrandy 36 foar, 25 tsjin
1e priis: Jort Strikwerda 61 foar, 23 tsjin
De opkomst wie dit jier al stikken better as foariche jierren mar wy ferwachtsje takom jier wer krekt wat mear keatsers. Tank en oan’t takom jier.