Additional menu

Folkert Wijnia TeatsKening 2015

  • 1e priis mei Kening
  • 2e priis
  • 3e priis
  • 4e priis

Folkert Wijnia is ôfrûne snein de earste TeatsKening fan Keatsferiening Wommels wurden. Mei syn maten Johan de Graaf en Klaas Bouke Faber wiene sy yn’e finale dúdlik te sterk foar Jort Strikwerda, Egbert Postma en Djoeke Eringa.

Klik op ‘lês mear’ foar it folsleine ferslach.

Teatsen, in kombinaasje fan keatsen en tennis, like ús ek wol wat ta op it keatslân fan Wommels.  Mei 6 partoeren fan 3 teatsers wiene sy der nei wat útlis oer rigels en sa hielendal klear foar. Mei sa no en dan in bui derby en ek wolles in beste bui wie it seker net kâld, dit kaam it entûsjamse fan de teatsers ten goede. De earste omrin wie foar de measten oftaaste. Sy kamen der wol efter dat it knap lestich is om de bal yn te hâlden, ek al is it perk 6 meter breed.

Mei 2 poultjes fan 3 krygen wy in finale en in lytse finale. De finale gie tusken Folkert en dy en Jort en dy. Folkert, Johan en Klaas Bouke hiene gjin muoite mei it spul fan Jort, Egbert en Djoeke en it wie dan ek gau dien, it waard 5-2 6-4. De lytse finale gie tusken Sjoerd de Vries, Pieter Porte en Siepie Fopma tsjin Tjeerd de Vries, Esther Hoitenga en Jelle Jan Sybrandy. It waard 5-3 6-2 foar Tjeerd en dy.

Folkert Wijnia waard útroppen ta TeatsKening fan 2015. In jier lang mei de wikselbeker op syn nachtkaske stean.

De folsleine útslach fan de 1e TeatsPartij op 28 juny 2015.

Poule A
1 Folkert Wijnia 5-5 2 Sjoerd de Vries
Johan de Graaf 0-6 Pieter Porte
Klaas Bouke Faber Siepie Fopma
3 Broer Greidanus
Agnes Posthumus
Douwe Kooistra
Poule B
4 Tjeerd de Vries 5-1 5 Jelle de Vries
Esther Hoitenga 6-4 Sieta Tessemaker
Jelle Jan Sybrandy Jurjen Eringa
6 Jort Strikwerda
Egbert Postma
Djoeke Eringa
Poule A Poule B
2-3 1-5 5-6 4-5
4-6 2-6
1-3 5-0 4-6 5-5
6-6 2-6
Finale Lytse finale
nr. 1 Poule A – nr. 1 Poule B nr. 2 Poule A – nr. 2 Poule B
1-6 5-2 2-4 3-5
6-4 2-6
X