Additional menu

In oantinken oan Michiel Hiemstra

  • IMGP9857

Op 25 juny 2021 is der in ein kommen oan it libben fan Michiel Hiemstra. Berne yn Wommels en stoarn yn Wommels. Hij wenne syn libben lang oan it Aldhiem. Trou oan it âldershûs, earst mei heit en mem en jongere broer Klaas en jongere sus Nieske. Dêrnei sûnder heit en sûnder mem, mar noch wol mei broer en sus.

Michiel, wij kinne him foaral ek as Chiel, wie in karakteristike ferskining yn Wommels.

Michiel hold fan sport. Dat wie yn syn jonge jierren al sa. Hij keatste en hij fuotballe. Bij it keatsen stie hij meast efteryn. Hij hie wol wat yn de bouten.  Hij fuotballe ek. Earst bij SDS yn Easterein en letter bij Littens. Hij woe fan de sneon nei de snein.

Syn reade Easterlittens fuotbalbroek hie der ek oan at hij oan it ledenkeatsen mei die yn Wommels. Dat read foel op tusken de swarte SDS broeken dy’t de measten oanhiene.

In federaasjekeatser yn de regio en in ledenkeatser bij KF Wommels. It keatsen stoppe al gau want Michiel stuts hieltyd mear in helpende hân út op it keatsfjild.  Perken lizze, dat wie yn earsten syn ding. Hij hie it allegear yn de holle, hoe grut it fjild moast foar de jeugd, foar de froulju of foar de senioaren. Michiel pielde leafst wat allinne om, at hij mar wist wat hij dwaan moast.

Yn 1977 siet hij al bij de opbouploech foar de Freulepartij, ek dat hat hij in oantal jierren dien. It famkes- en frouljus keatsen lei him nei oan it hert. Hij hat jierren op paad west mei ôfdielingspartoeren fan de famkes. As koach hat hij meardere prizen yn ûntfangst nommen foar de keatsferiening.

Wij kinne Michiel ek as wedstriidlieder bij ledepartijen of KNKB wedstriden yn Wommels. Dêr hie hij aardichheid oan en hij koe dat, want hij wie ûnfersteurber.

At wij oan Michiel tinke, dan komt as earste miskien wol it byld nei foaren fan de man mei it lange hier ûnder de iishockey pet en de peuk yn de mûle op de tillegraaf bij de Freulepartij. Dat hat hij 23 jier dien op it haadfjild.

Der binne frijwilligers dy hâlde út harren sels op, der binne ek frijwilligers dy moatte je dêr yn stjoere. 2018 wie syn lêste jier. Hij hie oerdei tefolle lêst fan syn sûkers en oaren moasten dêrnei oanjaan dat it sa net fierder koe.

Yn 2019 krige hij in moai plakje tawiisd op de Freulepartij, om sûnder blokjes yn de hân en in tillegraaf foar de noas, te keatsen te sjen. Oer 2020 sei hij okkerdeis noch. “Dat wie k*t, want ik mocht der krekt as oaren net bij wêze.”

Michiel wie net fan it bestjoeren mar mear fan it dwaan. Yn 1985 doe’t de jeugdkommisje oprjochte waard, makke hij dêr wol jierren diel fan út. Yn Diggelfjoer, it doarpskrantsje fan Wommels steane hiel wat (lange) ferslaggen en útslaggen fan syn hân.

Keatsen wie ien ding foar Michiel, mar der wie mear. Hij wie In grut fan it iishockey bij de Flyers, hij miste gjin wedstriid. Michiel mocht ek graach biljerte en ek dêr kamen syn  kwaliteiten as wedstriidlieder goed fan pas. Bij biljert toernoaien die hij graach wat regelwurk.

Klaverjasse wie ek in leafhawwerij fan him. Hij die wol gauris mei oan in wedstriid hjir of dêr.

Yn augustus wie hij jierrenlang ien fan de fêste linerjochters bij de frouljus PC yn Weidum.

Seis wike lyn brocht Michiel mei muoite noch kranten rûn, trije wiken lyn skarrele hij efter de rollator dy’t noch fan syn mem west hat, nei de bank bij de brêge. Hij wist doe al dat hij net mear better koe en dat it hurd gean koe. Op freed 25 juny ferstoar Michiel yn syn bertehûs oan it Aldhiem.

Wij slute ôf mei wurden fan tank oan Michiel, foar wat hij allegear dien hat foar de KF Wommels en winskje syn broer en sus sterkte ta bij dit ferlies.

 

X