Additional menu

Priiswinners Pinksterwykein

  • IMAG0565
  • IMAG0563
  • IMAG0564
  • IMAG0562

Yn dit Pinksterwykein waarden de measte westriden op sneon ferkeatst. Yn Boazum stie de Dames 1e klasse frije formaasje wedstriid op it programma. Anna Brecht, de lêste wiken wol gau ris in priiske, gie mei de earste priis wer nei Wommels ta.

De jongste fan de famylje Bruinsma, Hester, woe hjir net foar ûnder dwan en pakte yn Sint Nyk de krânse by de famkes trog elkoar lotsjen. Dêr wie ek de ôfdielingswedstriid foar famkes en Hedwich, Martzen en Sjanet litte noch hyltyd sjen dat sy muoilik te ferslaan binne, sy wûnen yn ‘e finale mei 5-1 en 6-2 fan Marssum.
Rixt Wijnia wie hielendal ôfreizge nei Eanjum foar de Skoalfamkes A – B party. En dit wie net foar neat, mei de krânse efter yn ‘e kofferbak koe oan de weromreis begûn wurde. Sy wûn tegearre mei Marije Sweering fan Folsgeare de B-klasse.

Binne der dan ek noch jongens fuort te keatsen? Seker ol, en ek sy giene mei in pear priiskes nei hûs ta. Wer it Pieter Sijtsma krekt net slagge, krekt foar de priizen derau by de Jongens trog elkoar lotsjen, die syn bruorke Jan it stikken better. Yn de b-klasse by de Skoaljongens pakte hy in twadde priis, ek Robin van der Weg mocht foar de ‘tente’ komme om in tredde priis yn untfangst te nimmen.

Olle priiswinners fan herte!

X