It giet oan!!!
Sneon de Freulepartij, oars as oars, mar dat is net oars.
Sneon in hiele moaie list mei 39 partoer, gjin taskoggers, gjin tribunes, gjin grut feest. Mar wol de striid om de klokjes, de ivigiche roem, de namme foar de winners op it freuleboerd, it earste bledsje fan it klaverke fjouwer. Wommels hat in dreech lot en mei de earste omrin oantrede tsjin, tink ik de grutste favoriet, Dronryp. Mar it is de Freule, it is spesiaal, der komme soms oare dingen boppe, fjoer, senuwen, dus Jelle, Luka en Jente, brân der yn en in hiele protte sukses. De hiele dei is de Freule te folgjen op de livestream (sjoch op de webside fan de KNKB), op de webside fan de Stichting Freulepartij, op radio Eenhoorn, fanôf 3 oere live by omrop Fryslan op de tv, dus hoeche jim neat te missen. Ik hoopje op in moaie dei, elts partoer in hiele protte wille en natuurlik sukses, mar Wommels in bytsje mear
It giet oan!!!
Mear nijs
Steun onze kaatsvereniging met Dappre
13 oktober 2026
Freule – weromblik
16 augustus 2026
Nachtkeatsen freed 21 augustus
16 augustus 2026
Vacature: bestuurslid KF Wommels
28 maaie 2026
Straatkaatsen – Wommels
27 maaie 2026




