Additional menu

It nije jier: 2020

  • sealkeatsen 2019

Beste folgers fan de KF Wommels, fanôf dizze kant noch foar eltsenien: folle lok en seine foar 2020 en dat we der mei syn allen wer in sportief jier fan meitsje, mei natuurlik wer in protte moaie prizen foar de leden, mar foaral in moai keatsjier.

Hjir noch in ferslachje fan it sealkeatsen 2019:
Freed 27 desimber wie it wer tiid foar it jierlijkse sealkeatsen. 13 man sterk; 11 manlju en 2 froulju.
Der waard keatst yn 2 klassen en in elts keatste foar him/har sels. Yn de A-Poule koe Anne Jan Hallema it op tsjin earsten net winne fan Jelle Wiersma. Yn de B-Poule moast der sels sjoen wurde nei de ‘losse’ punten. Douwe Kooistra en Marije de Vries hiene beide like folle earsten en ek tsjin earsten. Douwe Kooistra wûn dit op 2 punten.

Der is dus spannend keatst en as gebrukelijk waard it ofslúten mei in bierke yn de kantine fan’e Greidhoeke.

X